Copy
Hjirby ûntfange jo de nijsbrief fan Popfabryk. Jo krije dy, omdat jo yn it netwurk fan Popfabryk sitte. As jo dizze nijsbrief yn ’e takomst net mear ûntfange wolle, kinne jo jo hjirûnder ôfmelde.
Wurdt dizze nijsbrief net goed werjûn? Besjoch him dan yn jo browser.
Wêr is Popfabryk mei dwaande en wat wolle wy? Fia dizze nijsbrief wolle wy wer even wat hearre litte fan Popfabryk; it produksjehûs foar popkultuer yn Fryslân. Foar geregelde Popfabryk-updates is der de Facebook side.

Hjir

De fideorige Hjir, wêryn’t foaroprinnende Fryske acts sintraal steane yn in koarte dokumintêre, belibbet syn premjêre op it Noardlik Filmfestival. De acts binne filme op bysûndere Fryske lokaasjes, wêrby’t dy lokaasjes en de omjouwing ek in aktive, auditive rol krigen yn de opnamen. De Fryske band The Future’s Dust,, dy’t neist Sväva en The Black Atlantic it ûnderwerp foarmje fan Hjir, jout oanslutend in optreden. Snein 15 novimber Noardlik Filmfestival lokaasje Neushoorn

Hjir

Klanklânskippen

Klanklânskippen is in multydissiplinêr briedplak en in poadium foar eksperimint, mei it Fryske lânskip as ynspiraasjeboarne. Ymprovisearjendewei wurde dissiplines byelkoar brocht op in manier sa’t se noch nea earder bestien hawwe.
 
Yn 2010 hat Jan Kleefstra mei fiif muzikanten nei Japan west foar seis optredens yn Tokyo. Ien fan dy optredens waard jûn as ynteraksje mei de film Nacht en dei fan de jonge Japanske filmmakker Shinkan Tamaki. Popfabryk hat nei oanlieding dêrfan in groep jonge Japanske filmmakkers om Makino Takashi hinne, dy’t harren foaral dwaande hâlde mei natuer en lânskip en de ynfloed fan de eleminten dêrop, útnûge foar in Artist-in-Residence (AiR) yn Fryslân, wêrby’t nij materiaal produsearre en útfierd wurdt. Yn it foartrajekt sil elke filmmakker keppele wurde oan in Fryske dichter, dy’t dêrnei dêr tegearre wer muzikanten by útnûgje. De AiR sil wêze fan 9-19 novimber 2015.
 
Presintaasjes:
Snein 8 novimber by Media Art Friesland yn Ljouwert
Tiisdei 10 novimber by OT301 yn Amsterdam
Sneon 14 novimber op it Noordelijk Filmfestival yn Ljouwert
Snein 15 novimber by De Lawei yn Drachten
Moandei 16 novimber by de Academie voor Popcultuur yn Ljouwert (ynteraktyf-gastkolleezje)
Tiisdei 17 novimber Extrapool Nijmegen
Woansdei 18 novimber by De Player yn Rotterdam

Klanklânskippen

Space Invaders

Fan begjin septimber ôf is der De Snackbar, in leechsteande (winkel)romte dy’t tydlik brûkt wurde kin foar (pop)kulturele doelen. Yn De Snackbar wurde keunstners en muzikanten oanelkoar keppele. De artysten geane tegearre fjirtjin dagen oan ’e slach yn De Snackbar. Oan ’e ein fan dy perioade is der in iepening foar it publyk, wêrby’t it resultaat sjen litten wurdt. Der sille dan fansels ek in soad snacks wêze. Underwilens hawwe al west en binne noch op kommendewei:
 
De Snackbar # 1 → moandei 31 augustus o/m sneon 12 septimber
Anan Striker & Michelle N’toumba
Iepening: sneon 12 septimber 2015 om 17:00 oere
 
De Snackbar # 2 → moandei 14 septimber o/m sneon 26 septimber
Purple Noise Record Club
Iepening: sneon 26 septimber 2015
 
De Snackbar # 3 → moandei 28 septimber o/m sneon 10 oktober
VEBO & Friends
Iepening: sneon 10 oktober 2015
 
De Snackbar # 4 → moandei 12 oktober o/m sneon 24 oktober
Heksenhamer & Bastard Sugar
Iepening: tongersdei 15 oktober
Iepening: sneon 24 oktober 2015
 
De Snackbar # 5 → moandei 26 oktober o/m sneon 7 novimber
Icky Pack en Wytze Sterk
Iepening: freed 30 oktober mei The Homesick (Popronde)
Iepening: sneon 7 novimber 2015
 
De Snackbar # 6 → moandei 9 novimber o/m sneon 14 novimber
Media Art Festival
Iepening: trochrinnend
 
De Snackbar # 7 → moandei 16 novimber o/m sneon 28 novimber
Gido en Rosan
Iepening: sneon 28 novimber 2015

De Snackbar
abdomen

Eins, Zwei, Drie, Fjouwer!

De ôftraap fan dit bysûndere Dútsk-Nederlânske projekt mei muzikanten, fotografen en fideomakkers wie yn Ljouwert as ûnderdiel fan it UITfestival.
 
Njonken workshops, masterclasses en optredens wiene der live-opnamesesjes mei de dielnimmende bands: Abdomen (Ljouwert-NL), Standup '69 (Rotterdam-NL), John Monday (Hamburch-DE) en Yellowtree (Bremen-DE).
 
Yn 2016 komt der noch in lang wykein yn Bremen, Rotterdam en Hamburch.

Eins, Zwei, Drie, Fjouwer!

En fierder

Yakumo Orchestra
Sneon 24 oktober Dutch Design Week closing party Effenaar Eindhoven
Freed 6 novimber I am the City Amersfoart
Yakumo Orchestra
yakumo orchestra
Copyright 2015 © De Popfabryk, All rights reserved.
Blokhuisplein 40 |
Postbus 2585
8911 LJ Leeuwarden | 8901 AB Leeuwarden
info@popfabryk.nl
 uitschrijven voor deze nieuwsbrief | update aanmeldingsvoorkeuren
Facebook
Facebook
Twitter
Twitter
Website
Website